UPDATE: Steuring yn de slachbomen: file op de Ofslútdyk

06 feb 2017 - 11:31
De Stevinslûzen - Foto: ANP

Automobilisten dy't moandeitemoarn oer de Ofslútdyk rjochting Fryslân woene, moasten rekken hâlden mei fertraging. By de Stevinsluzen wienen de slachbomen nei ûnderen en dy woenen troch in steuring net mear omheech. Rykswettersteat hie in monteur stjoerd om it probleem op te lossen.

Troch de steuring stie der in aardige file op de A7. Nei goed in healoere wie de steuring ferholpen en loste de file wer op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)