UPDATE: Steuring Kabelnoord Damwâld en omkriten ferholpen

06 feb 2017 - 17:40

De steuring van Kabelnoord yn Damwâld en omkriten is ferholpen. Klanten hiene sûnt moandeitemoarn lêst fan in breuk yn in kabel. Se koene net belje en hiene gjin tagong ta de oare tsjinsten fan it bedriuw. Om fiif oere jûns hinne wie it probleem oplost. 

Klanten dy't dochs noch problemen ha mei de ferbining, krije it advys om harren modem opnij op te starten. As dat net helpt, kinne se kontakt opnimme mei Kabelnoord.

(Advertinsje)
(Advertinsje)