Ynbraak by busstasjon Dokkum

06 feb 2017 - 08:54
Foto: Google Street View

Sneintenacht is der ynbrutsen yn it gebou by busstasjon Dokkum. De ynbrekker hat in rút stikken makke. De ynbraak fûn nei alle gedachten tusken ien oere en healwei twaen plak.

It is noch net dúdlik oft der ek wat weinaam is. De plysje siket tsjûgen fan de ynbraak.

Trefwurden: 
ynbraak busstasjon Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)