Kollum: "In ordinêre oprotpreemje"

06 feb 2017 - 08:27

"No snein begjint Boer Zoekt Vrouw wer. Dit kear giet Yvon Jaspers ynternasjonaal op paad nei boeren yn it bûtenlân. Miljoenen Nederlanners sitte kommende sneintejûn op ‘e bank te genieten fan it idyllyske boerelibben. Mar silst hjoed de dei mar boer wêze yn Nederlân, leau my mar: dan is der net folle idylle yn dyn libben.

Ofrûne wike makke steatssekretaris Martijn van Dam ôfspraken mei de Europeeske Kommisje oer de oanpak fan it fosfaatprobleem fan de Nederlânske suvelsektor. Boeren moatte de fosfaatproduksje dit jier flink werombringe. Dat betsjut kij ferkeapje. Om dit te stimulearjen komt Van Dam mei in saneamde 'stoppersregeling'. Boeren dy't dit jier harren kij fuortdogge krije subsydzje. Sterker noch: hoe rapper in melkfeehâlder ophâldt, hoe mear jild er kriget, belooft Van Dam. In ordinêre oprotpreemje dus.

Nei ferwachting hâlde der de kommende moannen sa’n tûzen oant twatûzen boeren op mei harren bedriuw. En begryp goed, ophâlde is yn it gefal fan in boer wat oars as ûntslach nimme by in bedriuw. Boer wêze is mear as in berop; it is dyn folsleine libben. Dêr de stekker útlûke is in emosjonele kar fan heb ik jou. Al it lân moat ferkocht, it ark giet fuort, om noch mar te swijen fan alle bisten dêr'tst jierrenlang mei wurke hast en dy’st no op in feewein lade moast.

En net allinnich melkfeehâlders wurde troffen troch it fosfaatreduksjeplan. Ek fleisfeehâlders meitsje harren grutte soargen en ha al in brânbrief stjoerd nei Van Dam. De fleisfeehâlderij hat de ôfrûne jierren net bydroegen oan de groei fan de fosfaatproduksje, mar wurdt dêr no miskien wol de dupe fan. Sa bryk as in kroade, potferjanhinnekont.

Oer hinnekonten sprutsen. Litte we ta beslút de pikeboeren net ferjitte. Troch de ophokplicht yn ferbân mei it fûgelgryp gong ôfrûne wike it stimpel 'vrije uitloopeieren' fan in soad aaien ôf. Piken ha ommers al tolve wiken lang net mear bûten omstrúnt en dus binne it gjin ‘uitloop’ aaien mear. Klinkt logysk, mar de konsekwinsje is grut. Troch it ferliezen fan dit stimpeltsje ferlieze de Nederlânske pikeboeren alle wiken tusken de 2 en 6 miljoen euro.

Yn Dútslân binne se krekt wat tûker. Dêr ha se foar ien dei de ophokplicht opheft. Tadaa, sa kinne Dútske pikeboeren wer tolve wiken langer ‘vrije uitloopeieren’ ferkeapje. Steatssekretaris Van Dam lilk fansels, mar sels dit trúkje úthelje? Ho mar. Van Dam is en bliuwt dochs it braafste jonkje fan de klasse. Of in weak aai eins, sa kinst it better sizze.

Melkfee, fleisfee of aaien: hokker tak fan buorkjen ast ek kiest, kinst der gjin droech stik bôle mear mei fertsjinje. Wa’t noch wol boer wurde wol, kin dêrom noch mar it alderbêste bouboer wurde. En dan bedoel ik net dy hurde wurkers dy’t mei de poaten yn de klaai stean om yn de ierappels of sûkerbiten om te skuorren. Nee, ik bedoel in echte bouboer.

Yn stee fan yn in feesteapel kinst hjoed de dei better ynvestearje yn in stapel stiennen. Myn advys? Keapje mei Van Dam’s oprotpreemje in appartemintsje yn Amsterdam en ferhier dat dêrnei oan studinten. Want allinnich as ‘huisjesmelker’ kinst hjoed de dei noch wat jild fertsjinje."

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)