De Oeletoeters sykje nij plak foar karnavalsweinen

06 feb 2017 - 08:10

De weinbouwers fan karnavalsferiening De Oeletoeters yn Snits moatte op syk nei in nij plak om te bouwen. De loads dêr't se dat no dogge, is ferkocht. De nije eigener wol se oant en mei de karnavalsoptocht noch in plakje jaan, mar dêrnei is it oer.

De Oeletoeters witte noch in âld lisboksstâl dêr't se terjochte kinne, mar dy is oan de wiete kant en dêrom eins net geskikt.

Hichte

De opslach is wol regele, fertelt fise-foarsitter Theo Ruis fan De Oeletoeters. "It giet eins om in romte dêr't we de weinen opbouwe kinne. Us opslachplak is te leech. De bou fan de weinen duorret twa oant trije moannen", sa seit Ruis.

Hoewol't it dreech is om in nij plak te finen, hat Ruis der wol fertrouwen yn. "Gelokkich steane wy wol posityf bekend. Hooplik helpt dat wat."

Jubileumfeest

De optocht fynt plak oer twa wiken. Kommend wykein is der noch in grut feest yn Snits om te fieren dat De Oeletoeters 44 jier bestean, in jubileum yn de karnavalswrâld. "Der komme 1500 man op it feest, wêrûnder karnavalsferienings út it hiele lân."

(advertinsje)