"Europeeske Kommisje mei Minority SafePack net wegerje"

05 feb 2017 - 19:41

It is ûnterjochte dat de Europeeske kommisje yn 2013 it boargerinisjatyf 'Minority SafePack' fan minderhede-organisaasje FUEN fersmiten hat. Dat hat it Europeeske Hof fan justysje yn Luksemboarch besletten. De Europeeske Kommisje is no ferplichte om no noch in kear soarchfâldich nei it Minority SafePack te sjen.

It Minority SafePack is in mienskiplik inisjatyf fan minderheden troch hiel Europa om de beskerming fan minderheden better te regeljen. Hjirfoar soene yn 2013 mear as ien miljoen hantekeningen sammele wurde.

Yn Fryslân waard it Minority SafePack stipe troch ûnder oare de Ried fan de Fryske Beweging en de eardere deputearre Jannewietske de Vries út namme fan de provinsje Fryslân. De Europeeske kommisje wegere yn 2013 lykwols de ynskriuwing fan it Minority SafePack as boargerinisjatyf, omdat de beskerming fan minderheden ta it foech fan de lidsteaten hearre soe en net ta it foech fan de Europeeske Uny. It Europeeske Hof fan justysje hat dat beslút no ferneatige. De útspraak is in opstekker foar minderhede-organisaasje FUEN en harren juridysk adviseur Frank de Boer út Ljouwert.

FUEN is fan betinken dat de Europeeske Uny mear foar minderheden dwaan kin as it giet om saken as it befoarderjen fan media yn minderheidstalen en it brûken fan regionale fûnsen foar projekten dy't minderheidstalen stypje. Neffens FUEN sitte der op dit stuit 'gatten' yn de regels dy't Europeeske minderheden as Friezen, Basken, Korsikanen en Sinti en Roma beskermje moatte en kinne je de beskerming fan minderheden net allinnich oan nasjonale steaten oerlitte.

De Europeeske kommisje hat oant no ta noch net reagearre op de útspraak fan it Europeeske Hof fan justysje.

(advertinsje)