SC Hearrenfean ferliest mei 1-0 fan Utrecht

SC Hearrenfean ferlear snein yn stadion de Galgewaard mei 1-0 fan FC Utrecht. Andreas Ludwig iepene yn de earste helte de skoare foar FC Utrecht. SC Hearrenfean gie oanslutend op syk nei de lykmakker. SC Hearrenfean spile lang net min, mar wie net effektyf tsjin in taai Utrecht. Noch yn de earste helte skeat Thorsby op de peal. Lucas Bijker kopte op slach fan rêst krekt njonken de goal.
Yn de twadde helte socht Hearrenfean wer de oanfal. Dat smiet in searje kânsen op foar ûnder oare Larsson en Kobayashi, mar gjin goal.
Sam Larsson waard yn de twadde helte fan it fjild stjoerd nei syn twadde giele kaart, wêrtroch SC Hearrenfean enige mei tsien man. Troch it ferlies fan FC Utrecht sakket SC Hearrenfean fan it fjirde nei it fyfde plak. FC Utrecht giet SC Hearrenfean op de ranglist foarby en stiet no fjirde.