Suzanne Schulting wint ek goud mei ploech op de ôflossing

05 feb 2017 - 18:00
Suzanne Schulting - Foto: www.fotopersburomartindejong.nl

Suzanne Schulting belibbe snein in topdei yn it Dútse Dresden. Noch gjin oere nei har goud op de 1500 meter pakte de shorttrackster fan De Tynje har twadde goud mei de Nederlânske frouljusploech. Yn de finale makke it Nederlânske team mei fierder Yara van Kerkhof, Lara van Ruijven en Rianne de Vries fan Akkrum gjin flaters. Oranje fersloech yn de finale Italië en Kanada.

De Nederlânske manlju mei Breeuwsma, De Laat en Knegt giene in skoft oan de lieding yn de finale, mar hjir pakte Ruslân de oerwinning.

Troch in flaterke like Oranje út te kommen op brûns, mar troch in straf foar Hongarije waard it dochs noch sulver. It brûns gie nei Súd-Koreä.

(Advertinsje)
(Advertinsje)