Froulju fan It Heidenskip nasjonaal kampioen toulûken yndoar

05 feb 2017 - 17:41

It frouljusteam fan It Heidenskip is sneon yn Hippolytushoef nasjonaal kampioen toulûken wurden. De froulju berikten de einstriid sûnder puntferlies. De froulju fan It Heidenskip hiene wol fersterking bûten it eigen doarp fan Grietje Stoker fan Wurdum, Aaltje Nieuwland fan Nijhoarne en Maria van der Heide fan Wolvegea. De froulju binne yn training foar de World Games fan de oankommende simmer yn Poalen.

By de manlju waarden de manlju fan Deinum/Britsum twadde yn de kategory oant 640 kilo. De manlju fan It Heidenskip waarden hjir tred.

Yn de kategoary oant 680 kilo wie der in twadde plak foar It Heidenskip en in tredde foar Bartlehiem.

(Advertinsje)
(Advertinsje)