UPDATE: Schulting en Knegt winne 1500 by wrâldbeker Dresden

05 feb 2017 - 16:46

Suzanne Schulting fan De Tynje wie sneintemiddei de konkurrinsje te fluch ôf yn de finale fan 1500 meter shorttrack yn Dresden. In histoaryske prestaasje, want Schulting is no de earste Nederlânske shorttrackster, dy't goud pakt op in wrâldbekerwedstriid.

Schulting pakte yn de race yn de lêste fjouwer rûntsjes de lieding en joech dy net mear út hannen. Ah-Rum No út Súd-Koreä en Valerie Maltais út Kanada besochten it noch wol, mar kamen net fierder as it twadde en tredde plak.

Sjinkie Knegt wûn de 1500 meter by de manlju ek mei in soad machtsfertoan. Mei in grutte foarsprong op de Hongaar Csaba Burjan en de Israëliër Vladislav Bykanov gie Knegt as earste oer de streek. It wie al wer de tredde wrâldbekeroerwinning fan dit seizoen foar de Bantegeaster. Knegt giet no ek oan de lieding fan dat klassemint.

(advertinsje)
(advertinsje)