'Fraude' mei kaarten winterfytsalvestêdetocht

05 feb 2017 - 16:07

By de winterfytsâlvestêdetocht is 'fraudearre'. In grutte groep fytsers hie by ien fan de earste kontroleposten alle gatsjes al yn de kaart knippe litten. Dat hiene se dien om sa fertraging by de oare posten foar te kommen. Neffens Eric Lansu fan de organisaasje is dat net de bedoeling.

It hat foar de fytsers gjin konsekwinsjes omdat eltsenien it mei de bêste bedoelings dien hat. Foar takom jier wurdt de proseduere oanpast. "It past by in fytstocht dat je in stempel helje moatte", sa seit Lansu. Fan de 955 dielnimmers binne twa útfallen.

De omstannichheden wiene dit jier folle better as yn 2016. It wie doe foar in soad dielnimmers te kâld en wiet om de tocht útride te kinnen. De tocht waard dêrom earder ôfbrutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)