Bildts Aigene tiisdei nei Den Haach mei 'petisy' oer Biltsk

05 feb 2017 - 15:41
De petysje yn de Bildtse Post fan 25 jannewaris - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

No tiisdei giet in delegaasje fan Stichting Bildts Aigene nei Den Haach mei in 'petisy' foar de erkenning fan de Biltske taal foar de keamerkommisje fan ynlânske saken. Stichting Bildts Aigene begûn op 25 jannewaris mei dy petysje en hat yntusken al mear as tûzen hantekens sammele. De petysje koe sawol online as yn de Bildtse Post set wurde.

Bildts Aigene fynt de petysje nedich omdat minister Ronald Plasterk ein ferline jier it fersyk fan de gemeente om de taal te erkennen ôfwiisde. Bildts Aigene fûn dy ôfwizing net terjochte.

De Twadde Keamer praat ien dei letter, op woansdei 8 febrewaris, plenêr oer de weryndieling yn Noardwest-Fryslân. Neffens it foarstel sil de gemeente It Bilt op 1 jannewaris 2018 mei Frjentsjerteradiel, Menameradiel en in diel fan Littenseradiel opgean yn de nije gemeente Waadhoeke. Op It Bilt binne in soad minsken benaud dat de eigen taal ûndersnije sil yn dy nije grutte gemeente. De gemeente It Bilt frege dêrom febrewaris ferline jier oan minister Plasterk fan ynlânske saken om de Biltske taal offisjeel te erkennen yn it Europeesk Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa.

Plasterk frege op syn beurt de Taalunie om advys út te bringen oer de status fan it Biltsk. De Taalunie skreau yn har advys dat it Biltsk 'een dialect van zowel het Fries als het Nederlands' is, en sadwaande net foldocht oan de betingsten om offisjeel erkend te wurden. Bildts Aigene is it net iens mei dy konklúzje. It Bildts is in mingtaal, mei eigen útdrukkings en wurdskat en fertsjinnet sadwaande offisjele erkenning. Bildts Aigene freget dêrom no de Twadde Keamer om nochris soarchfâldich nei it fersyk om erkenning fan de taal te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)