"Genôch mooglikheden om yn te gripen by betize minsken"

"Der binne genôch mooglikheden om yn te gripen as der gefaar driget troch betize minsken", dat seit dr. Nynke Boonstra, lektor Zorg & Innovatie in de psychiatry oan de Ljouwerter NHL.
Minister Schippers woe boargemasters de gelegenheid jaan om betize minsken foar trije dagen fêst te setten, mar de Twadde Keamer wiisde dat dizze wike ôf.
Neffens lektor Boonstra foarmje benammen de skotten tusken de ferskate organisaasjes it probleem, dêrtroch wurdt faak net adekwaat yngrepen. "Boppedat wurde de privacy-regels strak tapast, dat soe mei in konvenant tusken de belutsen partijen mooglik oplost wurde kinne." Nynke Boostra die har útspraken snein it radioprogramma Buro de Vries fan de Omrop.