Cambuur yn de flow nei De Graafschap

05 feb 2017 - 12:55

Cambuur spilet moandei de útwedstriid tsjin De Graafschap. De Ljouwerters stappe "yn de flow" de bus yn nei Doetinchem, nei de lêste wedstriden mei goeie resultaten en prima fuotbal. It is foar de trainers fan Cambuur wol in bysûndere wedstriid, omdat De Graafschap traind wurdt troch âld-kollega's Henk de Jong en Sandor van der Heide. Mar fierder is it in wedstriid as alle oaren. "As it fluitsje klinkt wolle wy dy wedstriid winne", seit trainer Sipke Hulshoff. Hulshoff woe noch gjin opstelling jaan.

It liket der lykwols op dat Cambuur yn deselde opstelling spylje sil as ôfrûne freed tsjin Helmond Sport. Hulshoff wol mei de medyske stêf noch beprate hoe't guon spilers der lichaamlik foar stean.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)