Kuorballers LDODK yn eigen hûs ôfstraft troch PKC

04 feb 2017 - 22:11

De kuorballers fan LDODK koene sneontejûn net op tsjin koprinner PKC út Papendrecht. De Gordykster klup, nûmer twa yn de league, waard yn eigen hûs mei 36-21 ôfstraft. Hoewol't LDODK de iepeningstreffer skoarde en yn de begjinfaze PKC noch aardich byhâlde koe, wisten de gasten hieltyd fierder út te rinnen. Ek fiif wiksels achterinoar by LDODK koe dêr neat oan feroarje. Nei de earste helte stie it 15-9 foar PKC. De ploech út Papendrecht wie ek dúdlik de sterkste yn de twadde helte. LDODK skoarde noch 12 kear, mar PKC 21 en sa waard it 36-21.

Nettsjinsteande it ferlies stiet LDODK noch hieltyd op it twadde plak, achter PKC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)