VV Hearrenfean mei 2-0 it skip yn by Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso Snits hat sneontejûn de Fryske derby yn de sneinshaadklasse tsjin VV Hearrenfean wûn. Op it Snitser sportpark waard it 2-0 foar de thúsploech. Nei 2 minuten kaam SWS al op 1-0 foarsprong. Wieger Zwaan koe in foarset fan frij binnen tikje. Hjirnei kreëarre Hearrenfean folle mear kânsen, mar der waard net mear skoard foar it skoft. Ek yn de twadde helte gong Hearrenfean op syk nei de lykmakker, mar it wie Snits dat opnij skoarde. Freerk de Jong skeat yn de rebound de bal achter de keeper en sette de 2-0 einstân op it boerd.