Keninklike ûnderskieding foar twa frijwillige brânwachten

04 feb 2017 - 21:26
Foto: ANP

Boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf hat sneontejûn in keninklike ûnderskieding útrikt oan Roelof Hoogkamp fan Munnikebuorren en Luite Visser fan Skerpenseel. Beiden binne beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Se hawwe harren jierren lang as frijwilligers by de brânwacht fan Skerpenseel ynset foar de feilichheid fan de ynwenners fan de gemeente Weststellingwerf.

De 61-jierrige Roelof Hoogkamp hat 28 jier frijwilliger west by de brânwacht en de 57-jierrige Luite Visser 35 jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)