Thijsje Oenema hat goed nijs op Wrâldkankerdei

04 feb 2017 - 20:40
Thijsje Oenema - Foto: ANP

Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer hie sneon goed nijs oer har sûnens. Op in byienkomst yn sintrum De Skulp op It Hearrenfean, dy't yn it teken stie fan Wrâldkankerdei, fertelde se dat har lêste scan wer in goed resultaat hie. Oenema krige in jier lyn te hearren dat se ûngenêslike melanoomkanker hat. Yn De Skulp, it sintrum foar libjen mei kanker, fertelde se har ferhaal oan lotgenoaten en harren neisten en dat fûn se hiel spesjaal.

"Bijzonder om voor lotgenoten en naasten mijn verhaal te vertellen. Met goed nieuws de scan was weer goed! Stapje voor stapje nu herstellen", sa skriuwt Oenema op Twitter.

De Skulp fierde sneon syn 1-jierrich bestean mei ferskate presintaasjes, workshops en oare aktiviteiten. De feestlike dei wie tagonklik foar kankerpasjinten en harren neisten. Ut ûndersyk docht bliken dat ien op de trije Nederlanners yn it libben te meitsjen krijt mei kanker.

(advertinsje)
(advertinsje)