Harkemase Boys wint mei 4-2 fan Jong FC Volendam

04 feb 2017 - 18:35

Harkemase Boys hat sneon mei 4-2 in moaie winst pakt yn it thúsduel tsjin Jong FC Volendam. De wedstriid begûn hast in oere letter troch in blessuere fan de skiedsrjochter. Doe't der in nije skiedsrjochter fûn waard, koene de Boys los. Al nei 5 minuten kaam de 1-0 op it skoareboerd troch Jens Jurn Streutker. Oebele Schokker makke de 2-0 troch in penalty te fersulverjen. Op slach fan rêst wist Jong Volendam noch de 2-1 te meitsjen.

Nei rêst makke Volendam yn de 49ste minút de 2-2. Harkema hie it dêr mar dreech mei, mar Johnny de Vries skoarde yn de 67ste minút dochs de 3-2 mei in ôfstânsskot. Wol mei wat mazzel, trochdat de keeper de bal losliet. De slotfaze wie tige hektysk. Mar doe't de keeper fan Volendam mei in blessuere fan it fjild ôf moast en in spiler op goal kaam, waard it ek noch 4-2 yn de 92ste minút troch Jorco van Hezel.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)