FIDEO: Modelbaanklup yn Ljouwert drok mei ferhúzjen

04 feb 2017 - 17:36

Grutte drokte foar de leden fan de Friese Modelbaan Club yn Ljouwert. Nei 35 jier oan de Gysbert Japicxstrjitte moat de klup ferhúzje nei in nije lokaasje. Frijwilligers fan de klup wiene sneon de hiele dei oan it bouwen op de nije lokaasje oan de Jupiterwei, mar dêrnei moat der ek op it âlde plak noch in hiel soad barre. Doel is om yn april de treinen wer ride te litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)