Hûnderten fans fan Hessel en Tess mei de bus nei Ziggo Dome

04 feb 2017 - 16:25

Sa'n 900 bewenners fan Skylge binne sneon yn bussen fan Harns ôf nei de Ziggo Dome yn Amsterdam reizge. Dit omdat Hessel en Tess dêr in konsert jouwe. Gewoanwei trêde se op yn harren eigen kafee De Groene Weide op Skylge. Fans fan it muzikale duo sjogge bot nei it optreden yn Amsterdam út, mar ek nei de weromreis. Dan sil der in afterparty wêze op de fearboat mei dj's dy't fan it eilân komme.

Sjonger Hessel is tige bliid mei de belangstelling fan de hûnderten eilanners. "Superleuk! Dat geeft aan dat het nog steeds leeft op Terschelling. We hadden er minder verwacht." Yn totaal sille der sa'n 10.000 leafhawwers nei it konsert. Foar dochter Tess is it de earste kear dat se sa'n grutte show docht, mar neffens heit Hessel hat se alles ûnder kontrôle. "We hebben vanmiddag lekker nog even alles doorgenomen, op het podium gestaan en het meeste van de show 'gevoeld', dus dan moet het goed komen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)