Nije biodisel ûntwikkele troch Feanster bedriuw

04 feb 2017 - 15:52
Foto: ANP

Troch de lansearring fan in nije biodisel komt sneon in fossylfrij Fryslân wer in stapke tichteby. De provinsje wol dat yn 2018 hûndert bedriuwen gjin fossile brânstof mear brûke, omdat Ljouwert dan Kulturele Haadstêd fan Europa is. It biotechnology-bedriuw Future Fuels Wholesale fan It Hearrenfean hat de disel ûntwikkele. En dêr binne se grutsk op, al is de biodisel wol tritich sinten de liter djoerder as gewoane, seit direkteur Germ Wiersma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)