Frou bedarret mei auto op sydkant

© De Vries Media
In frou is sneontemiddei licht ferwûne rekke by in autoûngelok oan de Biezen yn Twizelerheide. De frou ried mei har auto tsjin in stek, rekke dêrnei in lantearnepeal en bedarre mei de auto op de sydkant. Brânwacht, ambulânse en plysje giene nei it plak fan it ûngelok. Ambulânsepersoniel hat de frou ûndersocht. Se hoegde net nei it sikehûs. De brânwacht kaam fierder net yn aksje.