Man mei flintermes oanhâlden yn Ljouwert

04 feb 2017 - 13:49
Oanhâlding - Foto: ANP

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Ljouwert in 22-jierrige man oanholden dy't in flintermes by him hie. De man siet yn in kafee yn de Alde Doelesteech. Oare kafeebesikers hiene it mes sjoen en warskôgen de plysje. De man besocht it mes noch fuort te jaan, mar dat krige de plysje yn de gaten.

De man mei de rest fan it wykein net mear yn de Doelesteech komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)