SC Hearrenfean ferhiert Simon Thern oan AIK

Simon Thern © AWfoto.nl
SC Hearrenfean ferhiert de Sweedske middenfjilder Simon Thern foar de rest fan it jier oan AIK, dat útkomt op it heechste nivo yn Sweden. Dat hat de klup sneon bekend makke. Neffens Hearrenfean is dizze oplossing op dit stuit it bêste foar Thern om oan spyljen ta te kommen.
De 24-jierrige Thern kaam yn desimber 2014 oer fan Malmö FF, mar hie by Hearrenfean in soad blessueres. Dit seizoen hie er gjin basisplak yn it team fan coach Jurgen Streppel. Thern hat by Hearrenfean noch in kontrakt oant takom jier simmer.