Mear jild foar bestriden 'ondermijnende criminaliteit'

04 feb 2017 - 13:03

Der moat mear jild komme fan it ryk foar de bestriding fan saneamde 'ondermijnende criminaliteit'. Dat seit boargemaster Crone fan Ljouwert. De ferminging fan de ûnderwrâld mei de boppewrâld is hjir yn Fryslân noch net sa slim as yn it suden fan it lân, mar de oanpak kin better. Yn Brabân spilet dit probleem al langer, dêr wurde kriminelen no hurd oanpakt. Dit soarget derfoar dat it probleem no stadichoan nei it noarden ferskoot.

Dat blykt út ûndersyk fan sjoernalist Goos Bies fan it Friesch Dagblad.

Bies hat mei alle boargemasters yn Fryslân praat en tsien dêrfan erkenne dat der by harren yn de gemeente sprake is fan saneamde 'ondermijnende criminaliteit', lykas himptylt, it wytwaskjen fan swart jild of yllegale prostitúsje. "In Brabant speelt dit al jaren en zie je dat het de samenleving ontwricht", fertelt Bies. "Een hardere aanpak in het zuiden zorgt voor het waterbedeffect, waarbij het probleem verschuift."

Ut Bies syn ûndersyk docht bliken dat de measte boargemasters witte dat it bestiet, mar se ha gjin sicht op hoe grut it probleem yn harren eigen gemeente is. De enkête dy't Bies nei de boargemasters stjoerde wie anonym. Twa minsken joegen oan dat se wolris bedrige wiene troch kriminelen.

Bestriding fan 'ondermijnende criminaliteit' is de kommende twa jier spearpunt yn Noard-Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)