Te min froulju yn bestjoer

24 okt 2011 - 15:31

Mar 14% fan de bestjoerders yn de argraryske sektor is frou en neffens LTO Noord is dat fierste min. De lân- en túnbou-organisaasje fiert dan ek kampanje om mear froulju entûsjast te meitsjen foar in berop yn dy sektor. LTO Noord fynt it belangryk dat der froulju binne yn bestjoersfunksjes omdat sy út oare stânpunten wei beslissingen nimme. Sa soene froulju mear om duorsumheid tinke as manlju. Bestjoersfunksjes soene út histoarysk perspekt wei as manneberop sjoen wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)