Fryske PABO's wurkje al oan meartalich ûnderwiis

04 feb 2017 - 10:24

Der wurdt al hurd wurke oan meartalich ûnderwiis op de PABO-opliedingen fan de hegeskoallen NHL Hogeschool en Stenden yn Ljouwert. Dat seit Sieta de Vries, dosinte Frysk op beide hegeskoallen. Op sawol de NHL as Stenden wurdt al in soad dien mei trijetalich ûnderwiis. "Us ambysje is om 'translanguaging' ek yn de takomst noch mear yn it ûnderwiis te ferwurkjen", seit De Vries.

Op dit stuit is it fak Frysk ferplicht yn it earste en twadde jier fan de PABO. Studinten kinne dêrnei it Frysk foech helje.

Taalorgaan DINGtiid joech it advys oan de provinsje om PABO-opleidingen fan hegeskoallen NHL en Stenden meartalich te meitsjen. Fryslân soe in nasjonaal ekspertizesintrum foar meartaligens wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)