Súdwest-Fryslân makket him soargen oer takomst Empatec

De gemeente Súdwest-Fryslân makket him soargen oer de takomst fan sosjale wurkfoarsjenner Empatec. De kommende jierren slagget Empatec der net yn út de reade sifers te kommen. Foar dit jier wurdt rekken hâlden mei in ferlies fan hast 8 ton. Dat kin no opfongen wurde út de algemiene reserves. De jierren dêrnei rint it fierder werom en bliuwe de reade sifers.
Empatec hat bot te lijen fan besunigings troch it ryk. Dit jier moat der hast 4,5 miljoen euro besunige wurde.
Neffens wethâlder Stella van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân slagget it net dêr no in strukturele oplossing foar te finen. Der moat op 'e nij in omslach makke wurde, sa seit se. De meiwurkers fan Empatec moatte foar langere tiid oan it wurk yn it "gewoane" bedriuwslibben. Dat is neffens Van Gent in saak fan lange azem.
De wethâlder sil ek mei de direksje fan Empatec om tafel om in plan te meitsjen foar de takomst. De ferliezen kinne no noch dekt wurde út de reserves.