Sipke Hulshoff: "Cambuur sit gewoan yn in superflow"

03 feb 2017 - 23:31

"Alles wat der fan 'e jûn bard is, ja it wie in 'zeer geslaagde avond'," laket Cambuurtrainer Sipke Hulshoff nei ôfrin fan de slagge thúswedstriid tsjin Helmond Sport. Cambuur stiet op it stuit fyfde en dat docht in soad mei de klup út Ljouwert. "Ik neam dit spulfreugde, en dat slacht oer op it publyk, en dy wikselwurking is hiel goed foar elkenien. Der wurdt yn it team lake, der wurdt hurd traind en gigantysk goed fuotballe. We sitte op it stuit gewoan yn in superflow."

Top 5

Ek spiler Jordy van Deelen genietet fan de goede resultaten dy't Cambuur de lêste wedstriden boekt. "We zitten in een goede fase en in een goede flow. Die lijn hopen we maandag tegen de Graafschap door te zetten, want ons doel is om in de top 5 te blijven." Noch nea earder skoarde Jordy van Deelen in doelpunt binnen oardel minút. "Dat was de eerste keer, dus dat was een lekker begin. Er lagen kansen in de eerste helft om de score uit te breiden, maar dat is helaas niet gelukt. Uiteindelijk hadden we de wedstrijd sneller moeten beslissen."

Geheimen fan in keeper

Keeper Harm Zeinstra hie in relatyf rêstige jûn op doel, mar yn de 70ste minút waard it al efkes goed spannend doe't Jordy Thomassen fan Helmond Sport in penalty nimme mocht. "We stienen 2-0 foar en dan kin it ek 2-1 wurde. Ik sil myn geheimen net priisjaan, mar fansels riede je je goed ta op sokke mominten. It hie ek hiel oars beteare kind, as Jordy sjoen hie dat ik de oare hoeke yndûkt wie." Cambuur spilet no lekker en wol dy tendins fêsthâlde. "Wy wolle omheech en it is prachtich om te sjen hoe't it no giet. Ik genietsje dêr folop fan!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)