Plysje hâldt slingerjende drankrider oan yn Ljouwert

© ANP Lex van Lieshout
De plysje hat freedtejûn op de Archipelwei yn Ljouwert in 33-jierrige automobilist út de stêd oanhâlden foar it riden mei drank op. De man ried stadich en slingere oer de dyk. Hy woe net meiwurkje oan in blaastest en moast dêrom mei nei it plysjeburo. Dêr die yndied bliken dat de man tefolle drank op hie. Syn rydbewiis is ynnommen, ek mocht er acht oeren net ride. De man is oanmelden foar in kursus 'Alkohol yn it ferkear'.