Van Dam makket ôfspraken mei Brussel oer fosfaatprobleem

03 feb 2017 - 22:34

Steatssekretaris Van Dam fan Ekonomyske Saken hat freedtejûn ôfspraken makke mei de Europeeske Kommisje oer de oanpak fan it fosfaatprobleem fan de Nederlânske suvelsektor. Ofpraat is dat Nederlânske melkfeebedriuwen harren bysûndere útsûnderingsposysje ( de derogaasje) behâlde meie, as sy de fosfaatproduksje dit jier noch werombringe kinne ûnder it no jildende plafond. Wannear't dat yn de praktyk brocht is, pas dan kin Nederlân wer yn oanmerking komme foar in ferlinging fan derogaasje nei 2017.

Van Dam: "De maatregelen betekenen een grote opgave voor boeren en de zuivelsector. Zij moeten nu de afgesproken krimp echt gaan waarmaken. Als ze dat doen, maken we ook weer kans op een nieuwe derogatie vanaf 2018."

Maatregels

Yn totaal mei der 8,2 miljoen kilo fosfaat produsearre wurde. Om dat doel te berikken binne der trije maatregels. Sa wurdt it fosforgehalte yn mjuks werombrocht om it fosfaatgehalte yn dong nei ûnderen te krijen. Dêrneist moatte boeren fan 1 maart ôf harren feesteapel yn stapkes werombringe nei it nivo fan 2 july 2015 min 4 prosint. Grûnbûne boeren hoege net oan dizze 4 prosint regeling te foldwaan. Bedriuwen dy't dêr net yn slagje, moatte in heffing betelje.

Fierder komme boerebedriuwen dy't dit jier al harren melkfee fuortdogge, yn oanmerking foar in preemje. Hjir is yn totaal 50 miljoen euro foar beskikber. Van Dam ferwachtet dat in grut oantal boeren gebrûk meitsje sil fan de regeling om hielendal op te hâlden mei buorkjen.

(advertinsje)
(advertinsje)