SC Cambuur wint thús mei 3-0 fan Helmond Sport

03 feb 2017 - 21:55

De Ljouwerters skeaten krekt as de foarige thúswedstryd knap út de startblokken en Jordy van Deelen makke nei oardel minút al de 1-0. In goede 8.000 taskôgers seagen dat de thúsploech in soad balbesit hie tsjin de konkurrint foar in plak by de top 5. Kânsen wiene der foar it skoft noch wol, mar de foarsprong bleau minimaal.

In de twadde helte skeat Tarik Tissoudali de bal oer en in frije traap fan Erik Bakker einige yn de muorre. Goals fan Lilipaly (65e minút) en Jamiro Monteiro (89e minút) makken oan de spanning in ein.

De grutste kâns foar Helmond Sport wie in penalty krekt nei de 2-0, mar keeper Harm Zeinstra kearde de ynset fan Jordy Thomassen.

Troch de oerwinning hipt SC Cambuur oer Helmond Sport hinne en stiet foarearst fyfde.

(advertinsje)
(advertinsje)