Bart Canoy: "Net samar harsenûndersyk dwaan by kriminelen"

03 feb 2017 - 20:04

Dat je mei harsenûndersyk miskien ynskatte kinne hoe grut de kâns is dat in krimineel op 'e nij yn de fout giet, wol net sizze dat je dat dan ek fuortendaliks sûnder mear dwaan moatte. Dat sei de Ljouwerter advokaat Bart Canoy freed yn it radioprogramma Weistra op wei. Undersikers fan justysje skreaunen dizze wike dat der by behanneling fan kriminelen mear oandacht wêze moat foar biologyske faktoaren. Tritich jier lyn wie it noch in grut taboe.

De wittenskip is fier, seit Canoy, folle fierder as yn de jierren 80, doe't kriminolooch Wouter Buikhuizen ferkettere waard om syn teory dat biologyske faktoaren fan ynfloed binne op it gedrach. Se neamden him Mengele, nei de Dútske legerûndersiker dy't yn Auschwitz aktyf wie.

Minder gefoelich

De oarsaak fan asosjaal of krimineel gedrach wurdt yn de regel socht yn omjouwingsfaktoaren, seit Canoy, mar der is wol harsenûndersyk dêr't út blykt dat minsken dy't minder stresshormoanen oanmeitsje ek minder gefoelich binne foar straf. Miskien moatte we dêr wol wat mei, seit er, mar wannear dan? Wannear begjinne je der mei? As in bern fan fjouwer jier âld stientsjes tsjin de ruten fan de buorman smyt, dan moatte je him de harsens net ûndersykje. Mar as by ien dy't yn it jeugdstrafrjocht bedarret, blykt dat dêr in biologyske grûnslach foar is, wat je mei terapy oplosse kinne, dan moatte je dat net neilitte, seit Canoy.

Lombroso

Canoy wiist der fierder op dat ek yn de jierren '80 de teory fan Buikhuizen net nij wie. Oardel iuw lyn koe de Italiaanske kriminolooch Lombroso oan it gesicht fan minsken sjen oft it wol of gjin kriminelen wienen. "Van mensen met een boevenkop zeggen we nu nog wel eens dat ze een Lombrosohoofd hebben. Dikke wenkbrouwen, en een stevige kaaklijn. Die theorie is 100 procent achterhaald."

(Advertinsje)
(Advertinsje)