Restauraasje en ferbou Blokhúspoarte op skema

De restauraasje en de ferbou fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert leit op skema. Dat sei wethâlder Henk Deinum freed by de offisjele iepening fan de earste faze: Cellenblok H. Yn dit part ha mear as tritich kreative ûndernimmers in plakje krige en is ek it hostel Alibi festige. Neffens planning moat takom jier, it jier fan Ljouwert Kulturele Haadstêd, de rest klear wêze. By de iepening wie Gerrit Fokkema as earegast oanwêzich. Fokkema is de lêste oerlibjende fan de ferneamde Oerfal dy't hjir yn de Twadde Wrâldoarloch wie.
De sel dêr't Fokkema doedestiids mei syn heit en broer yn fêstholden waard, krijt in spesjale funksje as 'museumsel' dêr't it ferhaal fan de Oerfal ferteld wurdt.