Provinsje sjocht nei betellingen by Sintrale As

03 feb 2017 - 17:21

De provinsje sil kontrolearje oft alle wurknimmers oan de Sintrale As neffens de wet betelle binne. As dat net sa is, wurdt der op tasjoen dat it yn oarder komt. Dat seit deputearre Sietske Poepjes yn reaksje op in rapport fan de arbeidsynspeksje. Dat rapport is makke yn opdracht fan it fakbûn FNV. Ut it rapport blykt dat izerflechters dy't as ZZP'ers op papier stienen yn werklikheid gjin ZZP'ers wienen en faak te min betelle krigen. It FNV hie dat in goed healjier lyn sels ek alris oanjûn by de provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)