Crone lit hûs yn Ljouwert slute fanwege drugshannel

03 feb 2017 - 17:08
Foto: ANP

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat freed in hûs oan de Bleekleane yn de stêd slute litten. De plysje hie der drugs fûn dy't foar de hannel bestimd wiene, en ek in wapen mei munysje. It hûs bliuwt in healjier ticht. It bart wol faker dat boargemaster Crone in hûs slute lit, fanwege drugshannel. Sa wurdt ek in ein makke oan de oerlêst foar de minsken yn de buert.

Trefwurden: 
Crone drugs Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)