Wout Faes komt foar spylminuten by SC Hearrenfean

Wout Faes komt earst en foaral nei SC Hearrenfean om syn debút te meitsjen yn it betelle fuotbal, spylminuten te krijen en ûnderfining op te dwaan. En dan dêrnei werom nei Anderlecht om dêr troch te brekken. Dat seit de 18-jierrig Belgysk jeugdinternasjonal. Wout Faes is dizze wike hierd troch Hearrenfean foar in healjier fan Anderlecht.
Wout Faes en David Luiz
Wout Faes hat sa'n kapsel, dat hy kwa uterlik nochal liket op David Luiz. De Braziliaanske internasjonal fan Chelsea stjoerde doe't Faes 15 jier wie in shirt fan Chelsea nei de Belch. "Dat was een charme-offensief van Chelsea, omdat ze wilden dat ik naar Londen kwam.
Chelsea en Manchster United
Faes spile earst yn de jeugd fan Lierse SK en gong dêrnei nei Anderlecht. Doe wie der ynteresse fan Chelsea en Manchester United. "Maar ik heb er voor gekozen om in België te blijven en mijn studie af te maken. Bovendien is doorbreken bij zo'n topploeg nog altijd zwaarder dan bij Anderlecht. Of Heerenveen."