Spinoza útroppen ta bêste ytkafee fan Nederlân

03 feb 2017 - 15:39
Eigener Corné van de Erve fan ytkafee Spinoza yn Ljouwert

Ytkafee Spinoza yn Ljouwert is it bêste ytkafee fan Nederlân, dat fine sjoggers fan it RTL4-programma De Beste van Nederland. In sjuery hat by it ytkafee west en it beoardiele mei in 8,9. De sjoggers koene dêrnei stimme en kieze út meardere gadingmakkers. Uteinlik krige Spinoza mear as in kwart fan de stimmen. De sjuery wie foaral te sprekken oer hoe't Spinoza syn gasten ûntfangt: as goeie freonen, dy't thúskomme.

 

Eigener Corné van de Erve fan ytkafee Spinoza is grutsk op it behelle resultaat en op syn team: "Alle gasten dank jullie wel voor het stemmen en een enorme pluim voor het team. Als restaurateur kan ik me geen mooier compliment van en een betere waardering door onze gasten voorstellen. Ik doe het zeker niet alleen; Ik ben zo enorm trots en blij met 'mijn' medewerkers. We hebben ook veel reacties van buiten de provincie ontvangen, dat is natuurlijk een enorme opsteker voor de gemeente Leeuwarden en provincie Friesland. Blijkt maar weer dat je als ondernemer midden in de samenleving staat.

(advertinsje)
(advertinsje)