Op dizze Friezen kinst stimme by de Twadde Keamerferkiezings

03 feb 2017 - 15:24

Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezings. Mei elkoar dogge der 28 partijen mei. By de kandidaten sitte ek tal fan Fryske kandidaten. We ha de ferkiesbere Fryske Twadde Keamerleden (Friezen en Friezen om utens) op in rychje set, foar safier't dy op dit stuit bekend binne.

Ferkiesbere Fryske Twadde Keamerleden:
 

CDA
 

1. Sybrand van Haersma Buma (Fries om utens)
De heechste Fries op de list fan ferkiesbere Twadde Keamerleden is Sybrand van Haersma Buma, op dit stuit ek de fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer. Haersma Buma waard yn 1965 berne yn Warkum en studearre rjochten yn Grins en Cambridge. Sûnt 2012 is er partijlieder fan it CDA.

8. Harry van der Molen (Ljouwert)
Op it achtste plak fine wy Harry van der Molen fan Ljouwert werom. Van der Molen (1980) is sûnt 2014 wethâlder fan de gemeente Ljouwert. Hy is ferantwurdlik foar earmoedebelied, jeugdwurkleazens en ûnderwiis. Foar syn tiid as wethâlder wie er ek polityk aktyf as foarsitter fan de jongereinôfdieling fan it CDA en gemeenteriedslied. Op 18 oktober fan ferline jier wie Harry van der Molen te gast yn ús telefyzjeprogramma It Polytburo.

31. Esther Hanemaaijer (Dokkum) Esther Hanemaaijer (1975) wennet yn Dokkum, is troud en hat trije bern. Se waard yn 2010 keazen yn de gemeenteried fan Dongeradiel. Trije jier letter waard Hanemaaijer fraksjefoarsitter en ek listlûker by de gemeenteriedsferkiezings.

PvdA

20. Christa Oosterbaan (Skylge)
De heechste Fries op de kandidatelist fan de Partij van de Arbeid is Christa Oosterbaan fan Skylge. Oosterbaan (1976) folge op it eilân de seefeartskoalle en wurke in tal jierren by in maritym útstjoerburo. Sûnt 2010 sit se yn de gemeenteried op Skylge. Oosterbaan wol har benammen ek rjochtsje op it mêd fan klimaatferoaring. Christa Oosterbaan wie ferline wike te gast yn It Polytburo.

51. Jelmer Staal (Ljouwert)Op it 51ste plak by de PvdA stiet Jelmer Staal fan Ljouwert. Staal, berne yn 1986, hat de ôfrûne tsien jier yn de Ljouwerter gemeenteried sitten. Ferline jier naam er ôfskied fan de ried. Hy wol no foar syn partij yn de Twadde Keamer komme.

71. Marco Keizer (Drachten)

Marco Keizer (1989) wennet yn Drachten en wurket as belestingadviseur. Hy wie yn Kollumlân aktyf as sekretaris en kampanjelieder foar de lokale PvdA-ôfdieling.

75. Foppe de Haan (Nes)

Foppe de Haan (1943) is listtriuwer foar de PvdA. In namme dy’t eins gjin yntroduksje nedich hat. Ald-trainer fan SC Hearrenfean en bûnscoach fan Jong Oranje. De Haan hat al oanjûn net de keamer yn te gean.

ChristenUnie

1. Gert-Jan Segers (Fries om utens)
Fraksjefoarsitter Gert-Jan Segers (1969) fan de ChristenUnie groeide op yn Ljouwert. Nei syn middelbere skoaltiid studearre er politikology yn Leiden. Sûnt 2012 is Segers lid fan de Twadde Keamer. Dêrfoar wurke er in skoft yn Egypte, as koördinator fan in kristlik sintrum yn Caïro. Segers is troud en hat trije dochters.

11. Gerben Huisman (Ljouwert)De heechst notearre Fries by de ChristenUnie is Gerben Huisman fan Ljouwert. Huisman (1977) wurket sûnt 2009 by de provinsje Fryslân en is griffier fan Provinsjale Steaten. Gerben Huisman is troud en hat twa bern.

46. Anja Haga (Dokkum)

Anja Haga (1976) siet sân jier foar de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten oant se yn 2015 wethâlder waard yn Arnhem. Se wennet noch hieltyd yn Dokkum, mar ferbliuwt troch de wike yn Gelderlân.

50. Orlando Bottenbley (Drachten)

Orlando Bottenbley (1951) waard bekend as predikant fan de Betheltsjerke yn Drachten. Under syn lieding groeide dizze baptistegemeente út ta in megatsjerke mei tsjerkegongers út hiel Fryslân.

SGP
 

19. Tom Bakker (Driezum)

Tom Bakker fan Driezum is fraksjefoarsitter fan de SGP yn de gemeente Dantumadiel. Bakker wurket as dosint op de Eben Haëzerskoalle yn Drachten. Bakker hat him no beskikber steld foar in sit yn de Twadde Keamer.

VVD

3. Halbe Zijlstra (Fries om utens)
De heechste Fries op de kandidatelist fan de VVD is fraksjefoarsjitter Halbe Zijlstra. Zijlstra (1969) is berne yn Easterwâlde en studearre sosjology en marketing oan de Rijksuniversiteit yn Grins. Hy siet lange tiid yn de gemeenteried fan Utrecht, wêrnei't er yn 2006 foar it earst yn de Twadde Keamer kaam. Fan 2010 oant 2012 wie er steatssekretaris fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip yn it kabinet-Rutte I.

10. Malik Azmani (Fries om utens)Op it tsiende plak fan de VVD stiet Malik Azmani (1976). Azmani is berne op It Hearrenfean en wennet tsjintwurdich yn Dalfsen. Yn Grins studearre er Nederlânsk rjocht. Sûnt 2010 hat Azmani in sit yn de Twadde Keamer.

11. Dennis Wiersma (Fries om utens) 

Dennis Wiersma (1986) is mei in alfde plak de heechste binnenkommer op de kandidatelist fan de VVD. Wiersma is berne yn Frjentsjer en wennet no yn Utrecht. Op it stuit wurket er by in pensjoenfûns. Dennis Wiersma set him yn foar jeugdwurkleazens en banen.

18. Aukje de Vries (Ljouwert)
Aukje de Vries (1964) is berne yn Ljouwert en al jierren lid fan de VVD. De Ljouwerter politika is yntusken al fjouwer jier Keamerlid. Dêrfoar siet se yn Provinsjale Steaten en wie se gemeenteriedslid yn Ljouwert. Sjoch It Polytburo mei Aukje de Vries.

PVV

5. Sietse Fritsma (Fries om utens)Sietse Fritsma (1972) sit al sûnt 2006 yn de Twadde Keamer foar de PVV. Fritsma is berne yn Frjentsjer en wennet tsjintwurdich yn Den Haag. Hy studearre sosjale geografy yn Grins. Fritsma publisearre yn 2007 syn boek De Immigratieramp van Nederland.

25. Max Aardema (Drachten)
Max Aardema is 52 jier en wennet yn Drachten. Hy stiet op it 25ste plak fan de kandidatelist fan de PVV. Sûnt 2011 sit er yn Provinsjale Steaten. Aardema is aktyf op it mêd fan bestjoer, miljeu, romte en wenjen.

GroenLinks

16. Wim-Jan Renkema (Fries om utens) Wim Jan Renkema (1968) waard berne yn Drachten en is sûnt 1990 lid fan Groenlinks. Hy wurke ûnder oare as rektor, ûnderwiisynspekteur en direkteur. Op it stuit is er foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan in skoalkoepel.

19. Isabelle Diks (Ljouwert)
Isabelle Diks (1965) is al njoggen jier wethâlder yn Ljouwert. Sûnt 1994 is se aktyf foar GroenLinks, earst as gemeenteriedslid yn Apeldoorn en as steatelid yn Gelderlân. Yn 2008 wie se in pear moannen Twadde Keamerlid as ferfanger fan Mariko Peters. Diks hâldt har dwaande mei duorsumens, rekreaasje en toerisme.

SP

40. Fenna Feenstra (Snits)

Fenna Feenstra (1970) wennet yn Snits en is dosint oan it Hanze Institute of Technology. Se sit sûnt 2012 foar de SP yn Provinsjale Steaten en is fraksjefoarsitter.

48. Hillie de Koe (De Lemmer)

Hillie de Koe (1965) fan De Lemmer stiet op plak 48 fan de regionale list. Se hat it konservatoarium dien en is yntusken acht jier wurksum as beliedsmeiwurker fan de SP Steatefraksje.

D66

4. Pia Dijkstra (Fries om utens)

Pia Dijkstra (1954) is berne yn Frjentsjer en wennet op it stuit yn Utrecht. Dijkstra is al seis jier aktyf as lid fan de Twadde Keamer. Se presintearre ek jierrenlang it NOS Journaal op telefyzje en oare programma's by de AVRO.

41. Sietze Schukking (Jirnsum)

Op plak 41 fan de list fan D66 fine we Sietze Schukking út Jirnsum, ûndernimmer en aktyf foar D66 yn Fryslân as bestjoerslid. 

Partij voor de Dieren

26. Rinie van der Zanden (Reitsum) Rinie van der Zanden út Reitsum is al mear as twa jier listlûker fan de Partij voor de Dieren yn Fryslân. Van der Zanden is al jierren aktyf lid fan de Fryske ôfdieling fan de partij.

50PLUS

11. Theun Wiersma (Drachten)
Theun Wiersma is de heechste Fryske kandidaat foar de Twadde Keamerfraksje fan 50PLUS. Wiersma komt fan Drachten en wurket by It Fryske Gea. Dêr is er haad fan de ôfdieling ferieningssaken en kommunikaasje.

40. Dick de Vries (Starum)
Doeke Pieter (Dick) de Vries is 51 jier en wennet yn Starum. Hy is listtriuwer en stiet op it 40e plak fan de kandidatelist fan 50PLUS.
De Vries wurket sûnt 2015 foar de Steatefraksje fan 50PLUS Fryslân en wie dêrfoar manager fan it partyburo fan 50PLUS.

GeenPeil

1. Jan Dijkgraaf (Eastergea)
Jan Dijkgraaf (1962) makke yn desimber bekend dat er listlûker wurdt fan de nij oprjochte partij GeenPeil. Dijkgraaf begûn syn karriêre as sjoernalist yn Rotterdam en Den Haag. Ek wurke er in skoftke as haadredakteur fan omrop PowNed. Dijkgraaf wennet yn Eastergea, by De Lemmer. Sjoch nei It Polytburo mei Jan Dijkgraaf.

Nieuwe Wegen

2. Jacques Monasch (Snits)
Jacques Monasch (1962) wie sûnt 2010 lid fan de Twadde Keamer foar de Partij van de Arbeid. Begjin novimber 2016 ferliet er de partij om Nieuwe Wegen op te rjochtsjen. Sûnt dy tiid foarmet er yn de Twadde Keamer in ienmansfraksje. Monasch studearre bestjoerskunde en ekomony yn Grins en Essex. Sjoch nei It Polytburo mei Jacques Monasch.

10. Sietze Jan Dijkstra (Fries om utens)

Sietze Jan Dijkstra stiet op it tsiende plak fan de kandidatelist fan Nieuwe Wegen. Dijkstra studearre Nederlânsk rjocht en wurket as advokaat yn Den Haag. Hy komt fan oarsprong fan Drachten mar wennet tsjintwurdich yn Zoetermeer.

15. David de Jong (Drachten)David de Jong is 26 jier en studearret Maatskiplik wurk en Tsjinstferliening oan de NHL yn Ljouwert. Syn ambysje is it kontakt tusken boarger en polityk te werstellen. De Jong wol it sosjale werombringe, ‘’samen als Nederlanders’’, sa seit er. David de Jong komt fan Drachten.

20. Eddy Komdeur (Snits)Snitser Eddy Komdeur stiet op de tweintichste plak fan de kandidatelist fan Nieuwe Wegen. Komdeur hat in soad ûnderfining yn ‘e wrâld fan de banken. Op it stuit is er wurksum as fraude-analist.

Libertarische Partij

10. Klaas Johan Wassenaar

Klaas Johan Wassenaar komt fan Ljouwert en wurket yn de IC-sektor. Hy wie earder listlûker foar de LP by de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten yn Fryslân.

15. Marinus van der Wal (Kollumersweach)

Op nûmer 15 fan de list fan de Libertarische Partij stiet Marinus van der Wal. Hy wennet yn Kollumersweach en is allround software engineer.

17. Bertus Woudwijk (Burgum)

Bertus Woudwijk komt fan Drachten en hat krekt syn diploma helle oan it Drachtster Lyseum.

Forum voor democratie

2. Theo Upt Hiddema (Holwert)

Theo Hiddema komt fan Holwert en stiet op plak twa op de kieslist fan it Forum voor Democratie. De ferneamde strafrjochtadvokaat begûn yn 1981 syn eigen praktyk en waard bekend fanwege grutte saken lykas De Bende van Venlo en  de moard op Pim Fortuyn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)