Eaststellingwerf set him yn foar hertfeiligens

03 feb 2017 - 14:01
Foto: Omrop Fryslân, Rob Dijkstra

De gemeente Eaststellingwerf hat freed it manifest 'Hert foar Fryslân' ûndertekene mei de stichting Fryslân Hartveilig. Dat betsjut dat de gemeente him ynset foar in gruttere oerlibbingskâns by in hertstilstân. Hjirfoar wurde boargerhelpferlieners ynskeakele. Sy kinne faak earder te plak wêze as in ambulânse en dat fergruttet de oerlibbingskâns fan it slachtoffer. Ek komme der mear defibrilatoaren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)