Snitser frou krijt wurkstraf foar stellerij kroechjild

Justysje © Omrop Fryslân
In 37-jierrige frou út Snits hat in wurkstraf krigen fan 150 oeren foar it fertsjusterjen fan goed 15.000 euro. Ek moat se it jild werom betelje. Se helle in sparkas leech fan in kroech yn Emmen dêr't se útbaatster wie. Yn 2014 naam se de kroech oer. Klanten leine alle wiken jild by elkoar om te sparjen foar in jierliks feest. De frou út Snits betelle fan dat jild skulden ôf by ferskate leveransiers. Doe't klanten dat ûntdutsen, naaide se út. Foar de rjochter joech se ta dat se jild út de kas brûkt hie om de kroech draaiende te hâlden.