"De belastingdienst? Dat is allemaal oplichterij!"

"De belastingdienst? Dat is allemaal oplichterij: lekker makkelik: it geld fan in ander weggeve. Toen ik út it werk ging, he'k oek niks fan de baas metkregen." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op it gedoch by de Belestingtsjinst. Yn de Twadde Keamer krige steatssekretaris Wiebes de wyn fan foaren, mar ek op de merk wie it kommentaar net myld: 'It is krekt in kleuterklas. As de baas sels net wit wat der bart, hâldt dan mar op" En: "As se dêr har bêst net dogge, werom soene wy dat dan wol dwaan".
Mar de nuânse wie der ek: "Wat je oan belesting betelje komt altyd werom. Oan diken, útkearings en dat soarte saken. Dat moatte we mei-inoar betelje." En: "Dit land heeft voorzieningen die betaald moeten worden en daar dragen we met zijn allen aan bij."