ChristenUnie: ekstra jild foar Omrop yn ferkiezingsprogramma

De ChristenUnie hat freed in Frysk ferkiezingsprogramma yn Earnewâld presintearre. "Wij hebben ons altijd al ingezet voor de tweede rijkstaal, het Fries. We willen het verankeren in de grondwet. Daarnaast willen we ook extra geld voor het Fries bij Omrop Fryslân. Beide elementen staan in het verkiezingsprogramma" sei Gerben Huisman. Hy is de heechste Fryske kandidaat, op plak 11, fan de ChristenUnie.
As it oan de ChristenUnie leit, komme der regionale ûntwikkelaginda's mei dêryn konkrete ôfspraken tusken de regio en it Ryk oer ynvestearringen op it mêd fan diken, iepenbier ferfier, wenjen en fluch ynternet. De partij wol fierder de reistiid tusken Fryslân en de rest fan Nederlân ferkoartsje. Ek wol de CU ekstra ynvestearje yn definsje sadat de wurkgelegenheid yn Ljouwert op de fleanbasis útwreide wurdt.