Skoalle Mids de Marren dochs ticht

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Kristlike basisskoalle Mids de Marren yn De Gaastmar slút syn doarren op 1 augustus. It is gefolch fan in fúzje mei kristlike basisskoalle Klaver Trije yn Aldegea. Dy fúzje is nedich om't der op Mids de Marren noch mar 21 learlingen sitte, wylst 23 it wetlik minimum is. In mearderheid fan de âlden yn De Gaastmar hat tasein har bern nei de skoalle yn Aldegea te stjoeren.
Neffens de stichting achter beide skoallen sil de sluting fan de skoalle net ta twongen ûntslaggen liede. Wol moat de kommende tiid noch besjoen wurde wat de gefolgen krekt binne.