Gerry Hamstra: "Blij dat selectie intact is gebleven"

03 feb 2017 - 11:23

Gerry Hamstra is bliid dat de seleksje fan SC Hearrenfean sa goed as yntakt bleaun is. "We wilden de selectie graag op niveau houden, we willen meedoen om Europees voetbal en dus zijn we blij dat de selectie voor het grootste deel gebleven is." De technysk manager seach dat eins allinnich Caner Cavlan fan de earste seleksje fuortgong. Hy is ferhierd oan it Turkske Sanliurfarspor. Mitchell Te Vrede en Rewan Amin, dy't it lêste healjier nea by de wedstriidseleksje sieten, ha de klup ferlitten. Ødegaard en Faes binne hierd.

Ynteresse yn Sam Larsson

Hamstra wol net oanjaan yn hoefierre der konkrete belangstelling west hat foar ûnder oare Sam Larsson. De Sweed wurdt troch ferskate media yn ferbân brocht mei Ajax. "Maar het is nooit interessant genoeg geweest, anders was het wel concreter geworden."

Henk Veerman koe noch fuort

Fjirtich minuten foar de transferdeadline melde Nantes in klup út de Frânske Ligue 1 him foar Henk Veerman. "Via een tussenpersoon komt zo'n club dan bij Veerman terecht. Henk heeft dat bij ons als mededeling gebracht en daar is het bij gebleven." Veerman en Hearrenfean ha al wol mei elkoar yn petear west oer ferlinging fan syn kontrakt, mar se binne der net útkaam. Hearrenfean hat in opsje yn it kontrakt om it nei dit seizoen mei in jier te ferlingen, mar dat is noch net bard. Oft Hearrenfean noch mei in nije oanbieding komt, is net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)