Tsjinfallende sifers foar gruthannel Makro

© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Gruthannel Makro hat noch hieltyd te krijen mei tsjinfallende sifers. Dat meldt eigener Metro yn syn kwartaalrapportaazje. Makro, mei ek in fêstiging yn Ljouwert, hat al langer lêst fan konkurrinten as Sligro en Hanos, dy't wol goed prestearje. Krekte sifers oer Makro hat de eigener net bekend makke, wol dat it om in negative omsetûntwikkeling giet. Mei de MediaMarkt, dy't ek ûnder Metro falt, giet it wol goed.