De Waadferiening is bliid mei beslút Rabobank

Seehûnen yn it Waadgebiet
De Waadferiening is bliid mei it beslút fan de Rabobank om gjin jild te stekken yn gaswinning ûnder it Waad. Dat seit direkteur Arjan Berkhuysen. De Waadferiening frege ferline jier ynvestearders om gjin jild te stekken yn bedriuwen dy't nei gas boarje yn it Waadgebiet. Dat de Rabobank hjir as earste nei harket, is foar oaren hooplik it sinjaal om itselde te dwaan, seit Berkhuysen. De Rabobank wiist der yn in ferklearring op dat de Waadsee sûnt 2009 op de UNESCO wrâlderfguodlist stiet.
Neffens de bank soe gaswinning mooglik foar skea soargje kinne. Der is dêrom besletten gjin jild út te lienen oan de fjouwer bedriuwen dy't ferline jier in fergunning krigen foar de winning.