"Mear trijetalige skoallen yn Fryslân nedich"

03 feb 2017 - 11:00

Der soene yn Fryslân mear trijetalige skoallen komme moatte. Meartalichheid is in goed argumint om positive oandacht foar it Frysk te krijen. Dat stiet yn it advys fan DINGtiid, advysorgaan foar de Fryske taal. Hjoed is dat advys oerlange oan deputearre Poepjes. Dat barde op skoallemienskip Liudger yn Burgum. Op dizze skoalle wurdt in part fan de lessen yn it Frysk jûn. Neffens it advysorgaan soe de provinsje noch mear syn liedende rol oppakke moatte yn it stimulearjen fan meartalige skoallen.

Mear en minder Frysk

Op trijetalige skoallen wurdt sawol lesjûn yn it Ingelsk, as yn it Nederlânsk en Frysk. DINGtiid hat ûndersyk dien nei it Frysk yn it ûnderwiis, fan pjutteboartersplak oant HBU. De situaasje fan it Frysk is hiel wikseljend: By de pjutteboartersplakken is de helte twatalich. Fan de 420 Fryske basisskoallen binne der 72 trijetalich. Yn it fuortset ûnderwiis binne der seis skoallen dy't meartalich ûnderwiis oanbiede. Der binne jierliks sa'n 75 oant 100 learlingen dy't Frysk as eksamenfak kieze.

Yn it MBU en it HBU wurdt amper Frysk jûn, allinnich op de Pabo krije de studinten Fryske lês en kinne se kieze foar it fak meartaligens.

Draachflak

It entûsjasme en it draachflak by âlden, dosinten en bern foar it Frysk is oeral ferskillend. As de klam mear komt te lizzen op it nut fan meartaligens, is dêr foar it Frysk mear winst út te heljen, skriuwt DINGtiid. Meartaligens is troch de multykulturele maatskippij in fraachstik yn hiel Nederlân. Fryslân kin in nasjonaal ekspertizesintrum foar meartaligens wurde. As de Pabo en de learare-oplieding ek meartalich wurde, kinne de ûnderwizers fan de takomst ek mear dwaan oan it Frysk.

Trefwurden: 
ûnderwiis meartalich
(Advertinsje)
(Advertinsje)