Bedriuwen dy't gas winne ûnder Waad krije gjin Rabo-jild

De Rabobank sil gjin jild beskikber stelle foar it winnen fan gas ûnder it Waad. Dat stiet neffens de NOS yn in ferklearring fan de bank. De Rabobank wiist derop dat de Waadsee sûnt 2009 op de UNESCO wrâlderfguodlist stiet. Neffens de bank soe gaswinning mooglik foar skea soargje kinne. Der is dêrom besletten gjin jild út te lienen oan de fjouwer bedriuwen dy't ferline jier in fergunning krigen foar de winning.
De Waddenvereniging is bliid mei it beslút fan de bank. De organisaasje rôp earder bedriuwen al op gjin jild yn de gaswinning te stekken. Neffens de NOS hawwe yntusken ek de ING en ABN Amro besletten om gjin jild te stekken yn gasboarringen.